Syktocht mei helikopter

11 feb 2010 - 15:02
  • De fermiste Adolf Mud

De plysje siket tongersdei mei in helikopter mei ynfrareadkamera nei in fermiste Drachtster (48). Syn auto waard fûn yn it Lauwersmargebiet. De man is yn 'e war fan hûs ôfset.

Der is al mei speurhûnen yn it gebiet socht, mar omdat it in te grut gebiet is om te foet te besjen is no in helikopter ynset. Dy sil tongersdeitemiddei it hiele Lauwersgebiet ôfsykje. Fanwege it waar slagge it woansdei net om de helikopter yn aksje komme te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)