Syktocht Lutine leit stil

02 okt 2008 - 10:53

De syktocht nei de Lutine op de Waadsee leit sûnt woansdei stil. Troch it minne waar kin der net goed socht wurde nei it goudskip dat yn 1799 fergie tusken Flylân en Skylge. Ferwachte wurdt dat de ploech pas nei it wykein wer begjinne kin mei sykjen.

It ûndersyk wurdt sûnt ferline wike freed dien fan in grut ponton ôf. Oan board binne tolve minsken dy´t benammen sjen sille nei de oarsaak fan it sinken fan ´e Lutine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)