Syktocht Iselmar giet troch

26 feb 2012 - 11:51

Op de Iselmar wurdt snein wer fierder socht nei it fermiste bemanningslid fan it wurkskip dat woansdei sonken is. Dat meldt it Korps Lanlike Plysjetsjinsten, it KLPD. It skip kaam út Harns en woe oer Amsterdam nei Zevenbergen, mar by Den Oever sonk it.

Tongersdei waard al ien fan de twa opfarrenden fûn. Dat wie in man fan 48 jier fan Teksel. It skip sels waard ek boppe wetter helle. In twadde bemanningslid, in 47-jierrige man út Zevenbergen, is noch net fûn. It is noch net dúdlik hoe't it wurkskip sinke koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)