Syktocht hert leveret neat op

05 maaie 2006 - 10:14

In syktocht nei in hert mei in reade lape yn it gewei, tongersdei yn de bosk by Muntsjesyl, hat neat oplevere. Wyldbehearder Marten van Kammen hie nei it sjen fan foto's yn de krante besletten it bist te helpen.

It hert, in bok, is mei de hoarnen betize rekke yn in grut stik read kanvas. Hy hat dúdlik lêst fan de lape. Van Kammen hat tongersdei tegearre mei in plysje en in ferdôvingsgewear socht, mar neat fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)