Syktocht fermiste frou stopset

09 feb 2005 - 12:04

De plysje siket foarearst net fierder nei in frou út Arum, dy't sûnt dit wykein fermist wurdt. De 50-jierrige frou wennet tydlik yn in wenboat yn Jirnsum. Sûnt freed is der neat mear fan har fernaam. Oft der letter wol wer nei de frou socht wurdt, moat noch troch de plysje besjoen wurde.

De plysje hat de ôfrûne dagen al oan it dreggen west om de wenboot hinne. Ek is der mei dûkers en in helikopter nei de frou socht. Dat hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)