Syktocht befrijingspoppe nei biologyske heit giet troch

09 jul 2015 - 14:37
  • Ald-Snitser Leo Woudstra is werom om syn heit te finen

De syktocht nei syn biolgyske heit giet foar de 69-jierrige Leo Woudstra troch. Woudstra is flak nei de oarloch yn Snits berne en hat nea syn heit kind. Syn mem woe it geheim nea priisjaan. Nei twa dearinnende spoaren - it dna matchte net - brocht de syktocht Woudstra tongersdei werom nei Snits. In spannende dei foar Woudstra, want syn mooglike ferwekker libbet noch en wit noch fan neat.

Lang hat Woudstra tocht dat syn heit in Kanadees wêze soe, want it iennichste wat syn mem kwyt woe, is dat se wat mei in soldaat mei de namme Bill hân hat.

Fanwege it strang katolike fermidden fan de famylje, woe syn mem der fierder nea oer prate. Ek de swangerskip fan Leo waard ferburgen hâlden.

Mei in Kanadeeske feteraan, dy't nei de befrijing yn Snits siet, matchte it dna yn 1995 al net. Om't syn mem wurke hat by ferskillende húshâldens yn Snits, binne der foar soan Leo meardere mooglikheden.

Neidat er syn ferhaal dien hie yn de Fryslân DOK 'Wat de oarloch mei ús die', krige hy ferskillende reaksjes. Dêrfan folget Woudstra no in spoar. Ek as dit nije spoar op neat útrint, hat er noch in pear mooglikheden yn Snits en yn Kanada om derachter te kommen wa't syn heit wie of is.

Sjoch hjir de Fryslân DOK werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)