Syktefersom troch oergong

17 okt 2011 - 11:16
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten (foto: Omrop Fryslân)

Ien tredde fan it syktefersom by froulju komt troch de oergong. Dat docht bliken út ûndersyk fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Neffens de ûndersikers binne de resultaten tige wichtich.

Der is al in soad bekend oer de ynfloed fan de oergong op it libben fan froulju, mar dizze resultaten toane no ek de earnst fan de klachten oan. De ûndersikers stelle dat der no ek mear sjoen wurde moat nei previnsje en behanneling fan oergongsklachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)