Syktefersom Nij Smellinghe leechst fan Nederlânske sikehûzen

20 feb 2015 - 16:29
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat it leechste persintaazje syktefersom fan alle sikehûzen. Dat docht bliken út ûndersyk fan advysburo Vernet. Nij Smellinghe krige dêryn in 9.6 en einige dêrmei as earste.

It Drachtster sikehûs hie oer it ôfrûne jier in fersompersintaazje fan 3,17 prosint. Gemiddeld leit dat yn de sûnenswrâld in prosint heger. Nij Smellinghe seit de ôfrûne jierren bot ynvestearre te hawwen yn previnsje. Yn totaal binne yn it ûndersyk fan Vernet goed 500 bedriuwen meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)