Sykjen fermiste jonge giet troch

05 aug 2002 - 00:00

Op de Iselmar wurdt moandei wer socht nei de 17-jierrige jonge dy't freed by De Lemmer fan in boat rekke is. De jonge siet op in sylboat dy't ûnderweis wie fan Enkhuzen nei De Lemmer.

In pear oare passazjiers smieten him út de gek yn it wetter. De jonge út Volen- dam rekke dêrby de râne fan de boat. Snein ha s'an 20 kotters meidien oan de sykaksje, mar de jonge is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)