'Sykje nije subsydzjekânsen'

01 okt 2013 - 17:07
  • FNP

Fryslân moat mear gebrûk meitsje fan alternative subsydzjes út nije Europeeske programma's lykas ICT of Ynnovaasje, no't de Europeeske stipe foar regionale ûntwikkeling en lânbou minder wurdt. Dat fynt de FNP. Neffens de partij moat Fryslân him mear op de takomst rjochtsje en net op it behâld fan saken út it ferline.

Benammen it plan 'Europa 2020' mei tsientallen ynnovative programma's jout folop kânsen, dêr't de provinsje gebrûk fan meitsje moat. Woansdei stelt de FNP fragen oan it kolleezje oer de besteande EFRO-subsydzjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)