Sykje nei 15e ieusk Ljouwert

14 jul 2014 - 12:48
  • Harmoniekertier
  • It Harmoniekertier doe't der noch sloopt waard

Archeologen binne moandeitemoarn úteinset mei opgravings yn it Harmoniekertier. Dêr is in soad ôfbrutsen foar de nijebou fan in poppoadium. It gebiet is sûnt de 15e ieu bewenne, doe't Ljouwert him útwreide súdlik fan de Nijstêd. Der wennen en wurken in soad ambachtslju, lykas skuonmakkers. De âldheidkundigen moatte harren wurk dwaan yn bekermjende wite pakken omdat se yn fersmoarge grûn sykje.

De fynsten wurde ûndersocht en dêrnei opslein yn in archeologysk depot yn Nuis. Foar tentoanstellings kinne de fynsten weromhelle wurde nei Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)