'Sykje it meast enerzjike hûs'

27 sep 2010 - 17:12
  • Wethâlder Visser fan Kollumerlân by de ôftraap yn Boerum

Yn Kollumerlân wurdt de kommende twa jier socht nei de meast enerzjike wenning. De ôftraap fan de ferkiezing wie moandei yn it doarpshûs fan Boerum. Ek skoalbern fan de groepen 7 en 8 wiene by de ôftraap oanwêzich.

Eltse ynwenner fan de gemeente kin fan no ôf mei in spesjale checklist, dy't te finen is op ynternet, syn hûs neisjen op saken as enerzjy en duorsumens. Doel fan de ferkiezing is benammen dat ynwenners bewuster omgean mei miljeu en enerzjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)