Sykaksjes op Iselmar stopset

16 jul 2008 - 10:42
  • Op dit plak foel de man fan it syljacht

De KLPD siket net mear aktyf nei de man dy't yn de nacht fan tongersdei op freed op 'e Iselmar by Breesândyk fan in syljacht ôf yn it wetter rekke is. De man, út Eindhoven, hie gjin swimfest oan.

Der is moandei de hiele dei noch nei him socht, mar dat hat neat opsmiten. As skippen of helikopters fan de KLPD yn de buert fan Breesândyk binne, wurdt der wol nei de man útsjoen, mar dêr bliuwt it fierder by. De man is noch hieltiten spoarleas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)