Sykaksje yn Ljouwert

22 des 2008 - 21:43
  • Ek op de grûn waard mei man en macht om de man socht

Yn Ljouwert is moandeitejûn in sykaksje begûn nei in man fan 76 jier dy't yn in greppel fallen wie. Dêrby waard in helikopter ynsetten dy't mei in grutte lampe de grûn ferljochte. De helikopter is nei 22.00 oere ophâlden mei sykjen, omdat de benzine op wie.

De man belle sels mei famylje dat hy fallen wie en gjin idee hie wêr't hy lei. De plysje hat besocht om de man werom te beljen, mar de batterij fan syn telefoan wie leech. Om 22.40 oere wie de man noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)