Sykaksje sûnder sukses

29 maaie 2011 - 08:53

De syktocht op de Sleattemermar nei de fermiste 24-jierrige studinte út Arnhem hat sneon neat opsmiten. De hiele dei waard drêge op de mar.

Tongersdei sloech in sylboat mei 5 studinten en in learaar om, troch de hurde wyn. Fjouwer studinten en de learaar waarden rêden, de 24-jierrige studinte waard net fûn. Tongersdei en freed is ek socht. Snein wurdt net socht fanwege de hurde wyn en de buien. Moandei wurdt besjoen wat fierder dien wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)