Sykaksje stilset, man net fûn

31 des 2008 - 16:42
  • Plysje-affisje by de yngong fan 'e Ryptsjerkerpolder Foto : Aise van Beets

De plysje is foarearst ophâlden mei it sykjen nei Flip Koekkoek út Woerden, dy't tiisdei by it reedriden op de Ryptsjerksterpolder fermist rekke is. De sykaksje is stilset omdat it tsjuster wurdt. Mei help fan de Mobiele Eenheid is der woansdei speurd nei de man, mar dat hat neat opsmiten. Neffens de plysje is der grut stik fan de polder besjoen.

Sa gau as it waar it talit, sil der fierder socht wurde mei help fan in helikopter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)