Sykaksje PM-kanaal smyt neat op

18 jan 2005 - 09:04

Yn it Prinses Margrietkanaal by Toppenhuzen en Twellegea is moandei wer socht nei in fermiste man. De auto fan de man waard ferline wike fûn op it talúd fan de brêge.

Fan de man is sûnt dy tiid gjin spoar fûn. De plysje sette in hûn yn, Dy't nei it wetter rûn. Meiinoar ha 30 minsken yn en by it PM-kanaal socht. Der waard neat fûn en dêrom waard moandei wer socht. Ek dat smiet neat op. Foarearst wurdt net mear socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)