Sykaksje plysje Ternaarderdyk

31 okt 2012 - 21:29
  • foto Jaring Rispens

Op 'e Ternaarderdyk tusken Holwert en Ternaard hawwe helptsjinsten woansdeitejûn om 'e nocht socht nei in mooglik slachtoffer fan in oanriding. De bestjoerder fan in buske dat dêr del ried, rekke wat mei syn rjochterbûtenspegel. Hy stoppe, mar koe gjin slachtoffer fine. Dêrop warskôge hy de plysje.

Dy hat mei help fan de brânwacht twa oeren lang op de Ternaarderdyk oan it sykjen west. Der binne speurhûnen, waarmtekamera's en dûkers ynset, mar der is neat fûn. Ek de auto is ûndersocht op spoaren, mar ek dêr hat de plysje neat bysûnders fûn.

Der is buertûndersyk dien, der is belle mei sikehuzen, mar der is gjin melding ynkaam fan in fermissing of ien dy't ferwûne rekke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)