Sykaksje nei man-oerboard

07 feb 2006 - 12:44

Rêders hawwe tiisdeitemoarn op 'e Noardsee om 'e nocht socht nei in fermist opfarrende fan in Russysk skip. De seeman sloech nachts om trije oere hinne oerboard. De rêdingsboaten fan Flylân, Skylge, Schiermûntseach en It Amelân, in helikopter en in marineskip holpen mei.

It sykgebiet lei op 12 kilometer út de kust yn it gebiet tusken Flylan en de meast eastlike punt fan It Amelân. De sykaksje is ûnderwilens ophâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)