Sykaksje nei Goes yn Drachten

26 mrt 2004 - 00:00

De kommende dagen wurdt yn Drachten en Ljouwert drok socht om skoalmaster Jeroen Goes fan Lelystêd. Goes (40) is troud en hat twa bern. Hy rûn in moanne lyn yn oerspannen tastân fan hûs. In sms-ke op de dei fan 'e ferdwining wie it lêste libbensteken.

Omdat hy ferskate kearen sjoen is yn it Noarden, giene de heit en mem fan Goes freed yn Drachten op syk nei har soan. De sykaksje fan 'e famylje is oant no ta sûnder risseltaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)