Sykaksje nei ferdronken swimmer

22 aug 2004 - 14:02

Op de Iselmar by De Lemmer wurdt noch hieltyd socht nei in swimmer dy't dêr sneon ferdronken is. Neffens de plysje giet it om in man fan 38 jier fan De Lemmer. Hy wie freed mei twa freonen nei it Postmastrantsje fearn. Sneontemoarn die bliken dat twa rubberboatsjes de mar opwaaid wiene.

De Lemster soe der efteroan swimme, mar doe't er healwei wie, gong er kopke ûnder. De plysje besiket it lichem te finen mei help fan netten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)