Sykaksje nei Cessna staakt

19 aug 2000 - 18:44

De wetterplysje is ophâlden mei de sykaksje nei it stellen Cessna-fleantúch. De speurtocht hat neat opsmiten. De plysje sil net wer spesjaal sykje.

Tongersdei waard boppe de Rottumerplaat in part fan in Cessna fûn. It is ûnwis oft dat fan de moandei stellen Cessna is, mar de plysje giet der al fan út. Fan de man dy't it fleantúch meinaam, is noch altiten gjin spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)