Sykaksje nei auto yn Trekfeart

07 okt 2007 - 10:47

De plysje en de brânwacht hawwe sneintemoarn betiid yn 'e Stroobosser Trekfeart by Bûtenpost, Kollum en Gerkeskleaster socht nei in auto mei ynsittenden. Nei in pear oeren is de aksje wer staakt omt der gjin auto fûn wurde koe.

De plysje sil yn oerlis mei de offisier fan justysje besykje út te finen wa't op it alarmnûmer de meldkeamer belle hat oer de yn it wetter rekke auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)