Sykaksje Lemster smyt neat op

09 apr 2006 - 11:12

De sykaksje yn Boarnsweach nei de fermiste Remco Wouda fan De Lemmer hat neat opsmiten. It leger hat freed in stik fan de Skarsterrien droechpompt en yn it slyk socht nei it lichem.

Der is oant sân oere jûns socht. Plysje en gemeente sille wer oerlizze oft der noch fierder socht wurde sil. Wouda wurdt sûnt 10 jannewaris fermist. Hy is foar it lêst sjoen doe't er oan it wurk wie op in ponton by karavanpark Skarsterrien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)