Sykaksje fytster Minnertsgea

22 sep 2008 - 18:47
  • Dûkers hawwe yn it wetter socht.
  • Foto's : Aise van Beets

De brânwacht en ambulânsetsjinsten binne moandeitemiddei mei grut materieel útrukt nei Minnertsgea om te sykjen nei in fytster dy't mooglik te wetter rekke wêze soe. Dit nei oanlieding fan in fyts dy't oantroffen waard by it wetter oan de Hermanewei.

Neidat dûkers neat fûn hiene waard in besite brocht oan de eigner fan de fyts yn Minnertsgea. Dy waard yn earste ynstânsje net oantroffen. Uteinlik die wol bliken dat de frou thús wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)