Sybren van der Schaaf stoarn

01 okt 2014 - 13:56

Sybren van der Schaaf is woansdei stoarn. Hy is 80 jier wurden. De Hallumer helle geregeld it nijs om't er yn Hallum en letter yn Terkaple syn wenark neffens de gemeente op yllegale plekken dellei.

Yn 1998 naam er stikem it amtsketting en foarsittershammer fan boargemaster Geersing fan Ferwerderadiel mei. Neffens Van der Schaaf wie dat in prinsipiële politike died. Van der Schaaf wenne it lêste jier yn soarchopfang De Terp yn Ljouwert. Dêr skreau er fersen tsjin ûnrjocht en hege hearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)