Sybren Minkema wint NK twaspan Frysk ras op konkoers Riis

01 aug 2015 - 14:22
  • Sybren Minkema en Jolanda Schreuder winne NK twaspan Frysk ras
  • Earerûntsje Minkema en Schreuder
  • Kampioen túchhynders tandems yn Riis

Op it NK twaspan Frysk ras op it konkoers hippyk yn Riis ha Sybren Minkema en Jolanda Schreuder fan Fryske Peallen wûn mei de hynders Douwe van R. en Filou S.B. Twad waard Frits de Jong fan Spannenburg mei syn dochter Setske. Har hynders wienen Unicum van Boudina M. en Jannes. Tred waard Peter van Veenen út Easterwâlde mei Idse en Lieke O.

It wie in spannende wedstriid. De twa sjueryleden koenen der net útkomme. Uteinlik moast de skiedsrjochter it beslút nimme.

Ule Haarsma fan Tsjerkwert is kampioen wurden yn de kategory túchhynders tandems. Syn hynders binne Celebration en Elburg.

De 'Mijl fan Riis is wûn troch Lisa Jongema dy't foar Harns útkaam. Op dit ûnderdiel rieden froulike riders op Fryske hynders út de alve Fryske stêden.

Spesjale gast op it 70e konkoers wie topruter Franke Sloothaak. Sloothaak, berne op It Hearrenfean, gong op syn 18e nei Dútslân en waard letter ek Dútser. Yn Riis joech hy in klinik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)