Sybren Jansma hâldt op mei bobslydzjen

12 des 2014 - 13:59
  • Sybren Jansma

Sybren Jansma fan De Pein hâldt op mei bobslydzjen. Ek teammaten Edwin van Calker en Yannick Greiner sette in punt achter harren sportkarriêre. Dêrmei hâldt it hiele Team Van Calker op. Jansma wie jierren fêst lid fan dit team. Piloat Van Calker seach gjin kâns om op it WK fan takom jier mei te dwaan yn de striid om in top acht posysje en hat dêrom no dit beslút naam.

De 32-jierrige Jansma kaam op trije Olympyske Spelen yn aksje mei it bobteam. Ek hat er in fjirde plak helle op it WK yn Lake Placid.

De fjouwermansbob fan team Van Calker komt dit wykein foar it lêst yn aksje op de Europacup-wedstriden yn Königssee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)