Sybren Jansma 13e yn St Moritz

18 jan 2009 - 14:31
  • Sybren Jansma

Yn Sankt Moritz op it EK bobslydzjen is de fjouwermansbob mei Sybren Jansma fan De Pein, snein op in teloarstellend trettjinde plak einige yn in tiid fan 2.11,59. Dat betsjut foar it EK in alfde plak.

Ferline wike hellen de fjouwer Nederlanners noch in twadde plak op de wrâldbeker yn Köningssee. It team fan Ruslân wûn yn in tiid fan 2.10,48. De twamansbob fan Jansma en Van Calker einige sneon mei in santjinde plak ek al efteryn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)