Syb yn Bonifatius Musical

18 mrt 2012 - 13:59
  • Syb van der Ploeg

Syb van der Ploeg sil it yn de produksje 'Bonifatius de Musical' as heidenske druïde opnimme tsjin biskop en missionaris Bonifatius. Mei it fêstlizzen fan Syb van der Ploeg is de cast fan musical Bonifatius rûn. Oare haadrollen wurde spile troch Richard Spijkers, dy't Bonifatius spilet, en oare talinten út de musicalwrâld.

Bonifatius de Musical wurdt fan 1 oant en mei 10 juny opfierd yn de Dokkumer Bonifatiuskapel. De folsleine cast fan Bonifatius de Musical wurdt moandei presintearre yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)