Syb wol bliid mei Keningsliet

19 apr 2013 - 21:42
  • Syb van der Ploeg

Syb van der Ploeg makket him net drok oer de negative reaksjes dy't der op it Keningsliet komme. It Keningsliet is in liet dat troch 50 bekende en minder bekende artysten song wurdt fanwege de troanwiksel op 30 april. Syb van der Ploeg is ien fan har.

Freed wie it liet foar it earst te hearren, mar it waard net troch elkenien goed ûntfongen. Under oaren op twitter kamen in soad negative reaksjes binnen. Ek waard der op ynternet in petysje opsteld tsjin it liet, dy't al tûzenen kearen ûndertekene is.

Syb van der Ploeg lit witte dat it wol hiel maklik fynt dat minsken har miening fia in medium as twitter kenber meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)