Syb net bliid mei 'Jelle'

20 jan 2001 - 14:53

De cover fan twa Grinzers fan it nûmer fan 'e Amerikaanske rapper Eminem is net yn goede ierde fallen by de Fryske groep De Kast. Yn 'e parody fan de Grinzers wurdt sjonger Syb van der Ploeg troch in wanhopige fan achterfolge.

Syb van der Ploeg is net oer it ferske te sprekken. Hy hat werklik lêst fan minsken dy't him achterfolgje. De Grinzers ha al mei platemaatskippijen praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)