Syb nacht fêst yn sel

11 apr 2011 - 20:35
  • Syb hat nacht fêstsitten

Syb van der Ploeg hat sneontenacht fêstsitten op fertinking fan húslik geweld. De plysje hat de bekende sjonger thús oanhâlden nei meldingen fan tsjûgen dat Syb syn freondinne op strjitte yn it sintrum fan Ljouwert slein hie.

Syb sels seit yn in reaksje by RTL Boulevard dat it giet om in misferstân. Der soe sprake west ha fan 'duw- en trekwerk', mar der soene gjin klappen fallen wêze. De freondinne hat gjin oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)