Swyntsje Tik yn Kollumersweach

03 sep 2000 - 18:55

Under grutte belangstelling is sneon yn Kollumersweach 'Krij de baarch by de sturt' hâlden. Dielnimmers moatte mei in blynkape foar yn in ôffrede 'arena' besykje de baarch beet te pakken.

Ferskate organisaasjes foar dierebeskerming hawwe krityk op it Swyntsje Tik. De gemeente Kollumerlân woe inkeld tastimming jaan as in feedokter it spul yn 'e gaten hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)