SWS lit it ôfwitte yn 2e helte

06 apr 2013 - 22:34
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits hie folle mear ferwachte fan de wedstriid tsjin JVC Cuijk. Nei 90 minuten wie it dúdlik, Cuijk de ploech fan Hans Kraay, wie mei 4-1 dúdlik te sterk. Yn de earste helte hie de thúsploech fan Johan Groote op foarsprong komme moatten, mar de gouden kâns waard troch Cees Smaal net fersulvere. Nei de tee liet JVC Cuijk de tosken sjen en kaam it yn de 61e minút op foarsprong. Doe wie der gjin hâlden mear oan foar SWS. Nei de 4-0 foar Cuijk mocht Kevin Huitema fan 11 meter de earetreffer oantekenje.

Op woansdei 10 april reizget Snits Wyt Swart nei Echt yn Limboarch foar de wedstriid tsjin EVV. Dêrnei komme der noch fjouwer wedstriden. De Snitsers, de nûmer lêst yn de topklasse, jouwe it noch net op. De ploech giet de striid tsjin degradaasje folop oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)