SWS Boso ûnderút tsjin Bataven

23 mrt 2014 - 15:57
  • Trainer Johan Groote

Snits Wyt Swart Boso hat snein mei 4-0 ferlern fan De Bataven. Yn Gendt kamen de Snitsers nei goed 20 minuten op efterstân. Snitser balferlies op it middenfjild waard ûnferbidlik ôfstraft troch de thúsploech. Nei rêst moasten de Snitsers op jacht nei de lykmakker, mar gefaarlike kânsen bleaunen út. De thúsploech kaam yn de 80e minút op 2-0, wêrnei't it Snitser ferset brutsen wie. Mei twa treffers yn de einfaze rûn De Bataven út nei in ienfâldige oerwinning.

De ploech bliuwt troch it ferlies stean op 33 punten út 21 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)