SWS bliuwt yn de race om titel

09 apr 2012 - 16:06
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart hat op peaskemoandei mei 2-1 wûn fan Rohda Raalte. Op sportpark Tijenraan hie de thúsploech út Raalte benammen yn de earste helte it bettere fan it spul. Nei goed in healoere spyljen kaam Rohda fertsjinne op foarsprong.

Yn de twadde helte wienen de rollen omdraaid. De lykmakker fan spits Jonathan Gregoria soarge foar nij fjoer oan Snitser kant. Dêrnei wie it Cees Smaal dy't nei in goed skot fan Robin Huisman de Jong de winnende treffer binnenskeat. Troch de winst bliuwt Snits yn de race om de titel yn de haadklasse C.

De Snitsers steane mei 40 punten út 20 wedstriden op it tredde plak. Nûmer twa Alcides hat like folle punten, mar in wedstriid minder spile. It ferskil mei koprinner Be Quick 1887 is 3 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)