Switser nei finale Liet 2009?

18 apr 2009 - 22:01
  • Rob du Jardin: nominearre foar de finale fan Liet 2009

De Switserske musikus Rob du Jardin is nei alle gedachten de alderearste Switser út de skiednis mei in goeie kâns om de finale fan Liet te heljen. Mei syn humoristyske mar ek profesjoneel brochte liet Dit is myn heitelân makke Du Jardin sneon in soad entûsjasme los by publyk en sjuery op de fjirde foarronde fan Liet 2009 yn de Groate Kerk fan Sint Jabik.

Njonken Du Jardin waarden it trio Eyesis en de kombinaasje Yldau Bylsma en it Wiebe Kaspers trio nominearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)