Swimwetter Fryslân superskjin

29 aug 2011 - 20:19

It wetter yn Fryslân is dit jier folle skjinner as oare jierren. Dat komt benammen troch de droege maitiid. It Wetterskip Fryslân hat doe in soad farsk Iselmarwetter deryn litten. Dêr sitte minder fosfaten yn en dêrtroch groeie algen kwalik.

Fierders binne der minder darmbaktearjes oantroffen yn it wetter. De gemeenten hawwe de rioeloerstoarten ferbettere sadat der minder baktearjes yn de marren en sleatten fûn binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)