Swimtoernoai foar hendikepten

16 apr 2011 - 11:22
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn it swimbad fan Sportstêd Hearrenfean dogge sneon sa'n 150 swimmers mei in ferstanlike beheining mei oan it Special Olympics swimtoernoai Fryslân. Bysûnder is dat diskear ek de swimmers fan it Team NL meidogge. Dat team fertsjintwurdiget yn juny Nederlân op de Special Olympics World Games yn Athene.

It swimtoernoai foar ferstanlik hendikepten wurdt foar de tsiende kear yn Fryslân hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)