Swimster yn swirrichheden

05 aug 2008 - 15:53

In Dútsk famke (16) is tiisdei yn de Noardsee by Hoarne op Skylge yn 'e problemen kommen. Der stie in swiere streaming. Doe't se mei har broer te fier de see yngie, ferlear se de grûn ûnder de fuotten en waard se troch de streaming meifierd. Har broer koe har mei muoite boppe wetter hâlde.

Omstanners sloegen alarm en de rêders fan de KNRM hawwe it famke oan 'e wâl brocht. De ambulânse en de traumahelikopter hoegden net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)