Swimster Steenbergen swimt rekôrtiid op Europeeske Spelen

24 jun 2015 - 08:56

Swimster Marrit Steenbergen út Easterwâlde hat tiisdei by de Europeeske Spelen yn Bakoe it nasjonaal junioarerekôr op de 100 meter frije slach ferbettere. De 15-jierrige Steenbergen swom de ôfstân yn de heale finales foar it earst binnen de 54 sekonden. Se kaam út op 53.97. Mei dizze tiid is komt se tichtby de tiden fan Femke Heemskerk en Ranomi Kromowidjojo.

Op de 4x100 meter frij behelle Marrit Steenbergen mei in splittiid fan 53,00 mei de estafette ek noch ris it sulver yn 3.44.10.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)