Swimster opnaam yn seleksje EK

16 jul 2014 - 15:47

Swimster Ilse Kraaijeveld fan Dokkum is opnommen yn de seleksje foar de Europeeske kampioenskippen yn Berlyn. De swimster fan it talinteteam fan swimferiening Orca út Ljouwert hat dat te hearren krigen fan technysk direkteur Joop Alberda. Kraaijeveld is yn prinsipe beskikber foar de frije slach estafettes. As Ilse Kraaijeveld ek noch yndividueel yn aksje komt wurdt letter besletten.

Moniek Nijhuis, dy't tsjintwurdich yn Drachten wennet en traint, sit ek yn de seleksje foar Berlyn, mar wie dêr yn april al wis fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)