Swimster Kraaijeveld nei EK

28 mrt 2010 - 18:01
  • Foto: www.ilsekraaijeveld.nl

Swimster Ilse Kraaijeveld fan Dokkum is snein op de prestizjeuze Swimcup yn Amsterdam as fiifde einige op de 50 meter frije slach. Se swom it yn 25.70 sekonden. Winner Ranomi Kromowidjojo kaam oan de finish yn 24.40 sekonden. Sneon waard Kraaijeveld ek al fiifde op de 100 meter.

Op basis fan haar prestaasjes mei se mei nei it Europeesk kampioenskip yn Boedapest. Dêr komt se yn elts gefal út op de fjouwer kear 100 meter estafette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)