Swimplak by Jistrum klear

03 jul 2013 - 09:55
  • Swimplak by Jistrum
  • Iepening swimplak by Jistrum

Yn Jistrum wurdt woansdei it swimstrantsje oan de Burgumermar yn gebrûk nommen. Bern fan skoalle De Finne ûntbleatsje in plakette. Yn it doarp libbe al tsientallen jierren de winsk om in goed berikbere swimlokaasje te hawwen. By en nei de ruilferkaveling by Jistrum is dat ferskate kearen besocht, mar dat mislearre hieltyd. Mei help fan frijwilligers, middels fan de gemeente en jild út Europa en fan provinsje, Wetterskip en Steatsboskbehear is it swimplak der kaam. Ek is in nije fytslus oanlein nei it plak ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)