Swimnastyk yn Blauwe Golf

24 sep 2014 - 06:17
  • Swimnastyk yn Blauwe Golf

De BV Sport is begûn mei saneamde swimnastyklessen yn swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert. BV Sport hat de lessen betocht om't in soad bern tsjintwurdich gjin swimdiploma hawwe. Bern fan twa Ljouwerter bassisskoallen krije oant de hjerstfakânsje yn fiif lessen oanleard wat se dwaan moatte as se yn it wetter falle of as in oar út it wetter rêden wurde moat. Nei de fakânsje docht ek in middelbere skoalle mei oan de pilot. De dielnimmende bern kinne ek yn de kunde komme mei swimsporten as wetterpolo en snorkeljen.

BV Sport hat de swimnastyklessen yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert opset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)