Swimmers wolle rekord brekke

18 jul 2000 - 15:24

Yn swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean wurdt tiisdei besocht 1000 swimmers 25 meter ôflizze te litten. It swimbad wol dêrmei yn it Guiness Book of Records komme. It besykjen is om 8 oere moarns út ein set. De earste 25 meter waard swommen troch wethâlder Van der Wal.

As alles neffens skema ferrint wurdt it lêste baantsje om 5 oere middeis ôflein. It rekord stie op 887 swimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)