Swimmers en skipper bekeurd

16 jun 2006 - 10:42

De wetterplysje hat ôfrûne wike fjouwer swimmers yn it Prinses Margrietkanaal yn Burgum in bekeuring jûn omdat se it beropsferkear hinderen. Ferskate skippers moasten útwike foar de swimmers.

It giet dêrby om twa manlju fan 30 en 19 jier út Burgum en twa jonges út Sumar fan 17 en 15 jier. Ek waard noch in 36-jierrige skipper út Stynsgea bekeurd, omdat de man te hurd fear oer de Burgumermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)