Swimmers dogge Alvestêdetocht

05 jul 2011 - 20:40

Fiif manlju út de Wâlden swimme fan 16 july ôf de Alvestêdetocht foar it goede doel. Fiif dagen lang sille se 40 kilometer swimme yn estafettefoarm. Se hoopje sa jild yn te sammeljen foar de Stichting Doe een wens.

It idee foar de tocht ûntstie by in swimtraining yn it bûtenwetter fan de sportive freoneploech. De earste kilometers sil sjonger Syb van der Ploeg meiswimme. Op 20 july hopet de ploech middeis op de Bonkefeart oan te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)