Swimmer ûnderskat gefaar see

21 jul 2010 - 15:37

It ûngelok mei de swimmers op Skylge is hurd oankaam by de strânwachten op it eilân. Ferline wike ferdronk in jonge (17) út Krommenie. In oare jonge (20) fan De Fochtel rekke swier ferwûne. Se waarden ûnder wetter lutsen troch in sterke streaming yn kombinaasje mei de sterke sudewyn.

Neffens strânwachten ûnderskatte minsken noch te faak de gefaren fan it swimmen yn de Noardsee. Se folgje de wârskôgings lang net altyd goed op en geane dochs de see yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)